Winst yn Minnertsgea foar partoer Johan van der Meulen

Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema hawwe woansdei de frije formaasje keatspartij wûn. Yn in aardich spannende finale wûnen se mei 5-4 en 6-4 fan Tjisse Steenstra, Cornelis Terpstra en Jacob Wassenaar.
De winners fan de partij rekkenen yn de heale finale ienfâldich mei 5-2 en 6-4 ôf mei it toppartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Dy wiene yn Minnertsgea perfoarst net op slach en giene kânsleas fan it fjild.