Skippersportret: Lodewijk Hzn. Meeter

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Oer tsien dagen begjint it SKS skûtsjesilen, trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer? Yn de oanrin nei de earste silerij op 30 july by Grou, lizze wy alle skûtsjeskippers fan dit seizoen in pear fragen foar. Hjoed Lodewijk Hzn. Meeter.
Op jonge leeftiid sylde hy al by syn pake en letter ek by syn heit. Meeter (47) is sûnt 2012 de skipper fan it Huzumer skûtsje ‘It Doarp Huzum’. Ferline jier waard hy fjirtjinde yn it klassemint.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Tsja, myn earste taak wie eins gjin taak, ik wie ferstekkeling. Dan krûpte ik ûnder it seilkleed en wannear’t wy dan ûnderweis wiene, kaam ik boppe wetter. Mar neffens my koe elkenien dêr wol om laitsje. Op myn sânde waard ik ranjajonge by ús heit op it skûtsje fan Earnewâld. Hartstikke moai wie dat, ik fielde my in grut man.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Dat wie trije jier lyn. Op de Langwarder Wielen wie Huzum foar it earst yn sa’n achttjin jier wer ris de winner fan in wedstriid. De ûntlading wy gigantysk, foaral ek foar de bemanning. It wie al salang lyn dat Huzum in wedstriid wûn hie, dus dat wie wol efkes in hiel spesjaal momint.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Mei bulten trainen! Mar dêrneist dogge wy ek aktiviteiten om te ûntspannen, sa binne wy in skoftke lyn noch mei-inoar te paintballen west. En wy binne no krekt werom fan in bemanningswykein, dêr dogge wy ek in soad mei syn allen. Goed mei-inoar omgean is hiel wichtich. Alles moat besprekber wêze en je moatte goed oerlizze.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“No dy haw ik wol. Wy hawwe in húske yn Hongarije en dêr geane wy in pear kear yn it jier hinne. Daliks geane wy earst te skûtsjesilen en dan in pear wike letter sjogge wy wer ris yn Hongarije.”
Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
“No dan fergiet de wrâld! Dan ûntploft alles dêr yn Snits, it starteilân eksplodearret. En fansels geane wy dit jier foar in goed resultaat. Wy hawwe bot traind en wolle dit jier hegerop komme. Wy geane derfoar!”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.