Supporters Hearrenfean dochs net yn de bus nei Anderlecht

Sportklup Hearrenfean spilet woansdei it oefenduel tsjin Anderlecht sûnder eigen supporters. Der is te min belangstelling foar de ferplichte buskombi.
De supporters moasten ferplichte mei de bus reizgje fan de Belgyske autoriteiten. Dit yn ferbân mei de ferskerpe maatregels yn België nei oanlieding fan de terreurdriging en de oanslaggen yn Nice fan ôfrûne tongersdeitejûn.
Earst koene de supporters foar 5 euro mei de auto nei de wedstriid, nei de maatregels moast in kaartsje mei de bus 30 euro kostje.
Oan de kassa wurde minsken op harren ID kontrolearre. Wa't net út de buert fan Brussel komt, mei der net yn.