Boete foar útskellen plysje

Plysjemotor © Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 20 en 21 jier hawwe beide in boete fan 500 euro krigen om't se de plysje útskolden. Dat barde sneontemoarn betiid. Earst wie it de 21-jierrige dy't de plysje begûn út te skellen, even letter fûn syn plakgenoat dat ek nedich. De twa waarden oppakt en fêstset op it buro. Dêr krigen se proses-ferbaal.
Sneontemiddei mochten se wer nei hûs ta, mei dus in fikse boete.