Oandielhâlders Caparis: 'Sa gau mooglik nije rfk'

Der moat sa gau as mooglik in nije ried fan kommissarissen komme by Caparis. De acht gemeenten dy't oandielhâlder binne wolle der sa gau as mooglik foar soargje dat foar mekoar te krijen. Nei moannen fan ûnrêst hat it bedriuw ferlet fan rêst.
Justerjûn stelde de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan Robert Veenstra har posysje beskikber. De acht gemeenten ha dat akseptearre en gean yn petear mei ferskate partijen binnen de sosjale wurkfoarsjenning om te sjen hoe't it fertrouwen werom komme kin en hoe no fierder.