Man fernielt reklamebuorden

De plysje hat tsjin in 19-jierrige ynwenner fan Ljouwert proses-ferbaal opmakke foar fandalisme en baldadichheid.
In tsjûge hie sjoen dat de fertochte kartonnen reklamebuorden meinaam hie fan it Beursplein. Plysjes seagen de man dêrnei rinnen en joegen him in bekeuring.