Michel Bletterman wol reserve turnploech

Michel Bletterman © ANP
Turner Michel Bletterman wurdt wol reserve by de manljusturnploech. De Ljouwerter dy't troch it gymnastykbûn net selektearre waard foar de Olympyske Spelen, hat in pear dagen neitocht oer it fersyk.
Bletterman bliuwt yn Nederlân en kin earst op reis as ien fan de Nederlânske turners útfalt yn Rio de Janeiro. Datselde jildt foar Casimir Schmidt. De twa reserves sille nachts traine om oan de Braziliaanske tiid te wennen. De Nederlânske turnploech reizget op 26 july nei Brazilië.