SC Cambuur wint oefenduel tsjin Koatstertille mei 5-0

De fuotballers fan Regioteam Koatstertille moasten tiisdeitejûn tasjen hoe't SC Cambuur op harren fjild fiif doelpunten skoarde. Al nei fiif minuten soarge Erik Bakker foar it earste doelpunt yn it oefenduel. Millan Vissie makke der yn de 40ste minút 0-2 fan. Yn de twadde helte soarge Vissie yn de 54ste minút opnij foar in doelpunt. Daniël van Warven en Ashley Constancia leveren yn de 86ste en 89ste minút de lêste twa goals.