Fuotballer Ninos Gouriye tekenet by SC Cambuur

Fuotballer Ninos Gouriye hat in kontrakt krigen by SC Cambuur. De 25-jierrige oanfaller tekenet foar ien seizoen mei in opsje foar in twadde jier. Gouriye spile earder by FC Twente, Heracles, ADO Den Haag en Excelsior.
Foarich jier keas er foar in bûtenlânsk aventoer by Astra Giurgiu yn Roemenië. Om't dy klup net betelle, ûntbûn er syn kontrakt en trainde hy wer mei by FC Twente.