Brussel posityf oer begrutting

De nije begrutting falt goed yn Brussel. Dat sei CDA-europarlemintariër Esther de Lange freed by in besite oan Fryslân. Nederlân die it net sa goed de ôfrûne jierren en doe't wy sa'n muoite hienen mei dy 3 prosint sakke it respekt nei in djiptepunt.
Freed is de begrutting ynlevere by de Europeeske kommisje en de reaksjes binne posityf. De fraach is lykwols oft Nederlân no gjin boete fan oardel miljard euro oan de broek krijt. De Europeeske kommisje komt yn juny mei in reaksje.