Mishanneling kondukteurs filme troch stasjonkamera Ljouwert

De mishanneling fan de twa meiwurkers fan Arriva sneontejûn op in perron fan it treinstasjon yn Ljouwert is filme troch kamera's op it stasjon. De plysje hat de bylden neffens ferfierder Arriva feilich steld foar fierder ûndersyk. Dêrmei liket it oplossen fan de saak in stap tichteby kaam.
In groep jongerein hie net betelle foar de reis fan Dronryp nei Ljouwert, in kaartsje kostet noch gjin 3 euro, en mishannele de twa meiwurkers doe't dy dêr in boete foar útskriuwe woene. De groep naaide dêrnei út.
Slachtofferhelp
Ien fan de kondukteurs is behannele yn it sikehûs. Beide meiwurkers sitte no thús en hawwe slachtofferhelp oanbean krigen.
Arriva ûndersiket noch hoe't it kin dat de hurde skiif fan de befeiligingskamera's yn de trein stikken wie. De systemen yn de oare treinen wurde no ek ûndersocht.
Fragen VVD
De VVD-steatefraksje wol fan de provinsje witte hokker maatregels naam binne om de feiligens te ferbetterjen en oft der mear maatregels nedich binne. Dêrneist wol de fraksje witte oft de kamera's yn de treinen faker stikken binne.