"Mishandeling onacceptabel! Blijf van ons personeel af"

De plysje is op syk nei in groep fan fjouwer as fiif jonges dy't sneontejûn in kondukteur en in masinist fan Arriva mishannele ha. Dit barde op it stasjon fan Ljouwert op it perron, dêr't de trein út Harns stoppet. Arriva ûndersiket oft der bylden fan de wrakseling opnaam binne troch de kamera's op it stasjon.
De hurde skiif fan de kamera yn de trein wie stikken, sa meldt wurdfierder Joyce de Vries van Arriva. Sy is net te sprekken oer de mishanneling. "Onacceptabel! Je blijft met je handen van ons personeel af."
De kontroleurs woene de jongeren in proses-ferbaal jaan, omdat dy de treinreis net betelle hiene. Op it stasjon fan Ljouwert kaam it ta in wrakseling tusken de groep en it treinpersoniel. Neffens de plysje krige in kondukteur in traap tsjin 'e holle. Sy is foar behanneling nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De masinist waard op it stasjon behannele. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.
Wim Eilert fan it fakbûn foar ridend personiel VVMC hat op Twitter krityk utere oer it feit dat de hurde skiif fan de kamera yn de Arriva-trein stikken wie. "Slechte zaak!", sa skriuwt Eilert.