Frjentsjer wint keatsen by NK junioaren yn Berltsum

Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Marco de Groot fan keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer hawwe sneon de titel pakt by it NK ôfdielingskeatsen foar junioaren yn Berltsum. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-4 te sterk foar de ferrassende oare finalist: Jelsum-Koarnjum-Britsum mei Lieuwe van der Werff, Kevin Jordi Hiemstra en Haye Jan Nicolay.
De partij einige mei in sitbal fan Allard Hoekstra. It is de njoggende kear dat Frjentsjer it NK foar junioaren wint.
De lytse preemje gong nei it partoer fan Minnertsgea mei Roan-Hein Joostema, Ydo Hoekstra en Marten Bergsma, dy't yn de heale finale mei 5-5 en 0-6 ferlearen fan Frjentsjer.