Man ferstoarn nei ûngelok

In 60-jierrige Ljouwerter, dy't ferline wike op de Stationswei yn syn wenplak rekke waard troch in frachtauto, is oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke.
De fytsende man kaam op tongersdeitemoarn 19 april troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei de frachtauto. Hy rekke swier ferwûne en waard mei de traumhelikopter nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Dêr is er yn de rin fan dizze wike ferstoarn.