Ynwenners T'diel: boargemaster moat belutsen wêze

© ANP
De nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel moat belutsen en sichtber wêze. En hy of sy moat optrede kinne en beslissingen nimme doare. Dat sizze ynwenners fan de gemeente dy't meidien ha oan de enkête oer it profyl fan de nije boargemaster. Minsken koene dy op ynternet of op papier ynfolle. En riedsleden ha der ek mei de strjitte op west. De útkomsten fan de enkête wurde brûkt by it opstellen fan de profylskets. Dat docht de gemeenteried ein augustus.
Fan 'e wike waard bekend dat âld-steatssiktaris Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster wurdt fan Tytsjerksteradiel, oant der in opfolger fûn is foar Eric ter Keurs. Dy hat ferline wike ôfskied naam.