UPDATE: Himpkwekerij oprôle yn Boelensloane

In plysjeman yn in himpkwekerij
De plysje hat by de ûntmanteling fan in himpkwekerij oan de Boelenswei yn Boelensloane fjouwer minsken oanhâlden. It giet om in 44-jierrige man út Huissen, in 22-jierrige Bulgaar, in man fan 36 út Arnhem en in frou fan 37 út Boelensloane. Der waarden 2500 planten oantroffen.
De himp en alle apparatuer is yn beslach naam en sil ferneatige wurde. De himp stie yn meardere romtes en de stroom waard net fia de meter ôftape. De meter is ek yn beslach naam.