Dútske subsydzje foar monumint Fryske frijheid

Upstalbeam by Rahe (East-Fryslân)
De Dútske gemeente Aurich ynvestearret de kommende trije jier 250.000 euro yn in monumint foar de Fryske frijheid. It giet om de Upstalbeam dy't by Rahe yn East-Fryslân stiet. De frije Friezen kamen hjir fan de 11e oant de 14e iuw geregeld byinoar om te striden foar de rjochten en frijheid fan alle Friezen. Noch hieltyd komme alle jierren mei Pinkster Friezen byinoar op dit plak. De gemeente Aurich sil ynformaasjebuorden pleatse en de ynfrastruktuer by it monumint ferbetterje.
Folder
De provinsje Fryslân hat yn gearwurking mei de Fryske Akademy en de Fryske Ried in Frysktalige folder makke oer de Upstalbeam. Yn septimber 2017 sil dêrnjonken ek noch in sympoasium oer de Fryske frijheid organisearre wurde.