Tredde webcam by rotonde De Jouwer

It wurk oan de nije rotonde by De Jouwer is no fia trije webcams te folgjen. Hjoed is de tredde webcam pleatst by de rotonde De Jouwer. Earder waarden der webcams pleatst by Skarsterbrêge en Haskerhoarne. It earste wurk is al sichtber yn de foarm fan ophegings op de âlde drafbaan. It nije knooppunt kin ein 2017 yn gebrûk naam wurde, mar dêrnei wurdt der noch in pear moanne wurke oan it oprêden fan alle materiaal.