De BurgumMobyl: in duorsume taksy foar Burgumers

Burgum hat sûnt moandei twa spesjale duorsume taksys, dêr't ynwenners fan it doarp foar 1 euro yn ferfierd wurde kinne. It giet om de saneamde BurgumMobyl. Benammen âlderen kinne gebrûk meitsje fan de BurgumMobyl, as se bygelyks nei de dokter, apteek of winkel moatte en gjin ferfier ha. Mar ek jonge gesinnen en oare doarpsbewenners meie fan de taksy gebrûk meitsje.
De BurgumMobyl is in idee fan Hanneke Haarsma-Kooistra. Sy wurket yn de sûnenssoarch en seach dat benammen âlderen gjin eigen ferfier hawwe en dêrtroch yn in isolemint sitte kinne. Yn totaal ha har fjirtich frijwilligers oanmeld dy't sjauffeur wêze wolle fan de BurgumMobyl. It jild foar de twa taksys komt fan ûnder oare de provinsje en it mienskipsfûns Oranje Ferbynt. It giet om twa elektryske taksys mei sinnepanielen op it dak.