Mear grize seehûnen yn it Waadgebiet

Seehûn © Omrop Fryslân
It tal grize seehûnen yn it Waadgebiet groeit noch hieltyd. Dat docht bliken út sifers fan it Waadsekretariaat yn it Dútske Wilhelmshaven. Dat hâldt foar Nederlân, Dútslân en Denemarken it Waadgebiet yn 'e gaten. Der binne op dit stuit 5000 grize seehûnen op it Waad, it grutste diel dêrfan yn it Nederlânske gebiet.
Undersikers hawwe dit jier hast 10 prosint mear grize seehûnen teld as ferline jier. Dat komt benammen omdat in strange winter útbleaun is en der ek gjin swiere stoarmen west hawwe. Earder drige de grize seehûn út te stjerren yn it Waadgebiet.