Oanlis keunstgersfjilden Tytsjerksteradiel úteinset

Keunstgers © Omrop Fryslân
Yn Tytsjerksteradiel is begûn mei de oanlis fan in tal keunstgersfjilden foar fuotbalferieningen. V.V. Burgum, vv BCV en VV Hurdegaryp kinne dêr takom seizoen al op spylje. Folgjend jier wurde de keunstgersfjilden fan Vlug en Vaardig en Trynwâlden ferfongen.
De grûn dy't dêr foar ôfgroeven wurde moat, jout de gemeente oan in boarterstún yn Feanwâlden en in fytscrossklup yn Noardburgum. Dat bart yn it ramt fan in projekt fan de provinsje om grûn sa tûk mooglik te brûken. Dat besparret op de kosten en it is ek duorsum.