Deade fûn op it Dragoonsplein yn Ljouwert

It Dragoonsplein, yn de Vrijheidswyk yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By in flat oan it Dragoonsplein yn Ljouwert is it lichem fan in persoan fûn. It is net dúdlik oft it om in man of in frou giet. Ek is noch ûnbekend oft it hjir om misdriuw giet. Der is in traumahelikopter hinne stjoerd.
De persoan hat him of har nei alle gedachten tekoart dien. De plysje hat de saak yn ûndersyk.