Goed jier foar Wetterskip

Wetterskip Fryslân hat in goed finansjeel jier achter de rêch. Der is oer it jier 2011 trije miljoen euro oer op in totale begrutting fan 130 miljoen euro.
Dochs binne der grutte soargen foar de takomst om't it Wetterskip der hieltyd mear taken by krijt. Dat jildt foar de soarch foar de seediken en de muskusrottebestriding, wylst der gjin ekstra jild bykomt. Dat jild moat komme út besunigings op de riolearring en suvering, yn gearwurking mei gemeenten. Mar dat duorret noch wol even, wylst de ekstra kosten al makke wurde.