Westra stapt ôf yn Romandië

Lieuwe Westra is tongersdei yn de twadde etappe fan de Ronde fan Romandië ôfstapt. De hurdfytser fan De Tynje dy't juster noch twadde waard, seit op twitter dat er yn de twadde rit net foarút te brânen wie. "It is tiid om it ferstân te brûken: rêst."
Yn de lêste koersen, De Amstel Gold Race en Luik-Bastenaken-Luik, gong it ek al net geweldich mei Westra. Earder dit seizoen waard er twadde yn Parys-Nice en de Trije dagen fan De Panne.