Reitze Douma beëdige as kommisjelid ChristenUnie

Reitze Douma (r) mei de kommissaris fan de Kening John Jorritsma
Reitze Douma út Drachten is woansdei troch de kommissaris fan de Kening beëdige as kommisjelid foar de ChristenUnie yn provinsjale steaten. Douma wie al bot belutsen by de steatefraksje fan de partij. Hy is yn it deistich libben ûndernimmer en sil him yn de steatefraksje dwaande hâlde mei lânbou en ekonomy.
Douma is al sûnt de jierren '80 aktyf yn de polityk, bygelyks as foarsitter fan de kiesferiening yn Drachten.