Feriene Lofts wol dúdlikheid oer soarchkoöperaasje Amaryllis

Sosjale helpferliening © ANP XTRA
De gemeentefraksje fan Feriene Lofts yn Ljouwert wol fan wethâlder Ekhart dúdlikheid ha oer de gong fan saken by soarchkoöperaasje Amaryllis. Trije dielnimmers oan de soarchkoöperaasje ha harren lidmaatskip opsein. De partij wol fan de wethâlder witte wat de rol fan de gemeente Ljouwert west hat yn it proses. En oft de gong fan saken ek gefolgen hawwe sil foar de kliïnten fan de ynstelling.