Ynterim-direkteur fan Caparis sil wol oan it wurk

It filiaal fan Caparis yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ynterim-direkteur fan Caparis Peter Lincklaen Arriëns sil woansdei wol oan it wurk. Dat hat it personiel fan de ynstelling te hearren krigen. De ûndernimmingsried hie witte litten dat der earst in advysoanfraach komme moast, mar dêr wurdt no net op wachte.
De ried fan kommissarissen hat tiisdeitenacht berjocht jûn dat de ynterim-direkteur gewoan oan it wurk gean kin. Se hawwe der betrouwen yn dat it gjin fierdere juridyske gefolgen hawwe sil.
De ûndernimmingsried fan Caparis seit dat de ried fan kommissarissen in advys freegje moat oan de ûndernimmingsried oer de oanstelling fan de nije direkteur. De ried fan kommissarissen ûntkent dat dit moat.