FIDEO: Kollumersweach spilet iepenloftspul "Yn tiid werom"

Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn de iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinne mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul.
Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe. Freed is yn Kollumersweach de premjêre fan it stik "Yn tiid werom". Hjir alfêst in foarpriuwke.