Surfer op Tsjûkemar krijt help fan brânwachtboat nei ûngemak

Surfer rekket yn problemen by eilantsje op it Tsjûkemar © Jaring Rispens
De brânwachtboat fan Langwar is sneintejûn op it Tsjûkemar ynset om in surfer te helpen. Dy rekke yn de problemen doe't er net sels út it reid fan in eilantsje komme koe.
Syn frou en bern stienen op it strantsje fan de Ulesprong en seagen dat er yn problemen rekke wie. Helptsjinsten koenen de surfer úteinlik helpe. De man rekke net ferwûne by it ûngemak.