Snorfytser (18) moat rydbewiis ynleverje nei blaastest

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
In 18-jierrige ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel moast sneontenacht syn rydbewiis ynleverje omdat er tefolle dronken hie. De jonge ried op syn snorfyts oer it Hoeksterend yn Ljouwert en waard dêr kontrolearre. It die bliken dat de begjinnend bestjoerder te folle alkohol hân hie.
It rydbewiis fan de snorfytser is ynnaam en hy moat in kursus folgjen oer de gefaren fan alkohol yn it ferkear.