Fûle brân leit carport yn Ie yn 'e jiske

Yn Ie hat sneontenacht in fûle brân west. In carport by in wenning oan de Skieppereed waard yn 'e jiske lein. De brân ûntstie om healwei tolven hinne, in oere letter hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. De brânwacht koe foarkomme dat de flammen oersloegen nei de wenning mei in reidtek.
Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.