Earste jûn Sutelaksje yn Wergea/Warten smyt 4350 euro op

De start fan de Sutelaksje fan 2016
De sutelaksje 2016 belibbe freedtejûn in tige slagge start yn Warten en Wergea. Under oanfiering fan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi waard yn de twa doarpen yn in pear oeren tiid foar 4350 euro oan Fryske boeken ferkocht troch frijwilligers.
De frijwilligers dy't sutelje meie 25 persint fan de omset sels hâlde foar de eigen frijwilligersorganisaasje. Yn Wergea giet dy opbringt nei it pleatslike filmhûs. Neffens de frijwilligers yn Warten/Wergea jout de aksje oan dat de minsken yn de doarpen 'graach Fryske boeken lêze wolle'.
Yn de Sutelaksje-nije-styl wurde de ferkeapaktiviteiten mear troch it jier hinne ferspraat. Doarpen en pleatslike organisaasjes dy't graach sutelje wolle kinne har melde by skriuwer Ferdinand de Jong yn Boarnburgum.