Slang fûn by hinnehok yn Winaam

Facebook, Wijnaldumer Nieuws Groep
De slang dy't earder dit jier yn Winaam op 'e strún wie, is nei alle gedachten wer fûn. Freed seach in ynwenner fan it doarp in slang by it hinnehok yn har tún. It bist is fongen. Om wat foar slang it no krekt giet, is net dúdlik.
Yn maaie sloech in ynwenner fan it doarp alarm nei it sjen fan in slang. It like om in boa konstriktor te gean. De diere-ambulânse hat der doe by west, mar meiwurkers koene it bist net fine.