Earnewâld makket keunstwurk fan yn it paad steand stroomhok

It skûtsjemonumint op in stroomhokje © Doarpsbelang Earnewâld
Yn Earnewâld is freed it nije skûtsjemomumint ûntbleate troch âld-skûtsjeskipper Joop Mink en wethâlder Geerling Schipper fan Tytsjerksteradiel. Yn dit grutte keunstwurk fan Volken de Vlas steane alle nammen fan skippers dy't ea it skûtsjesilen yn Earnewâld wûn hawwe.
De ûntbleating fan it keunstwurk is de ôfsluting fan de werynrjochting fan de haven en it sintrum fan it doarp. It ûntstie min ofte mear út need. By de fernijingsplannen stie in stroomhokje yn it paad, mar ferpleatsing soe fierstente djoer wurde. In keunstwurk bliek de oplossing.
Toeristysk oerstappunt
Der binne ek al wer takomstplannen yn Earnewâld. Sa moat der noch in toeristysk oerstappunt komme. Dat is in startplak foar minsken dy't har auto parkearje wolle en dêrnei kuierje, fytse of farre wolle.