"Yn alle iepenheid prate oer ferheegjen fan skoarstien REC"

Omrin, ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der moat yn alle iepenheid praat wurde oer it ferheegjen fan de skoarstien fan de REC yn Harns. Dat fynt D66 yn de gemeenteried fan Harns. Deputearre Michiel Schrier wol witte wat de gemeenteried wol mei de skoarstien.
D66 hie him al witte litten dat dy partij allinnich yn it iepenbier om tafel wol, benammen om't der yn it ferline min kommunisearre is oer de ôffaloven. De deputearre hat dêrnei foarsteld om dan mar mei alle riedsfraksjes apart en besletten om tafel te gean.
D66 wol dat net en ropt de oare fraksjes op om der ek net mei akkoart te gean. Der moat mei syn allen yn it iepenbier praat wurde. Ek mei de begeliedingsgroep derby, dy't alles by de REC yn 'e gaten hâldt.