Utstjoerburo fernuvere oer brânbrief FNV Sintrale As

Lieuwe Slager fan Slager Arbeidsbemiddeling op De Gordyk is bot fernuvere oer it feit dat de namme fan syn útstjoerburo neamt wurdt yn in ûndersyk fan de FNV nei misstannen by de oanlis fan de Sintrale As. Wurknimmers krije te min betelle en meitsje te lange dagen, stelt it fakbûn. Dy hat in brânbrief stjoerd nei de provinsje, de haadopdrachtjouwer. Neffens de FNV lûke de útsjoerburo's dy't by it projekt belutsen binne, har neat oan fan de CAO.
Slager seit dat syn útstjoerburo him oan de CAO hâldt en dat de meiwurkers ek alle fergoedingen útbetelle krije dêr't se rjocht op hawwe. Ek de kilometers wurde fergoede, seit Slager. Hy wurdt kontrolearre op it neilibjen fan de CAO en wurdt dêr ek foar sertifisearre. Hy fynt it spitich dat de FNV gjin kontakt mei him hân hat oer de kwestje.
Undersyk nei misstannen
De provinsje Fryslân start mei oannimmer Nije Daam in ûndersyk nei de misstannen dy't it fakbûn FNV konstatearret by de oanlis fan de Sintrale As. De provinsje is der net fan oertsjûge dat it echt mis is, seit deputearre Poepjes. Se ferwachtet dat it ûndersyk gau resultaat opsmite sil.