Leefberens yn krimpregio Noardeast-Fryslân net oars

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de krimpregio Noardeast-Fryslân wurdearje de leefberens itselde as ynwenners fan de rest fan Fryslân. Ek sit der net folle ferskil yn de wurdearring fan de foarsjenningen yn de gebieten. Dat docht bliken út in ûndersyk nei krimp en leefberens fan it Frysk Boargerpanel en it Fries Sociaal Planbureau.
Mear as de helte fan de panelleden is tefreden mei de tagonklikheid fan fluch ynternet op it plattelân, mar yn stedsgebieten is dy tefredenheid folle grutter.
Fan it Frysk Boargerpanel is mear as 80 persint it deroer iens, dat elke boarger him ynsette moat foar de leefberens yn eigen doarp of wyk.