Piet: Waarm, mar we sitte noch wol even oan de buien fêst

Neffens waarman Piet Paulusma sitte we tongersdei noch wol even oan de buien fêst. Boppe Seelân en Frankryk binne buien ûntstien mei tonger en dy sette nei it noardeasten ta. Dêrtroch krijt Fryslân ek noch te krijen mei dizze buien.
Moarns earst noch buiïch waar mei kâns op tonger, pleatslik in soad rein en mooglik hagel. Dêrnei in lange perioade mei de sinne derby, mar de kâns op in bui bliuwt. Letter op de dei simmerwaarmte mei temperatueren om 24 graden yn it Waadgebiet oant 28 graden yn it easten en súdeasten fan de provinsje.
De wyn is swak oant matich út súdlike rjochtingen wei. Yn it Waadgebiet tongersdeitemiddei tydlik frij krêftich.
It soele waar set jûns troch mei om 20.00 oere hinne sels noch 22 oant 26 graden. Letter nimt de bewolking wer ta en foaral nachts folgje noch in oantal stevige buien mei tonger. It is dan 17 of 18 graden en der stiet net folle wyn.