FNV slacht alarm oer misstannen by oanlis Sintrale As
Wurknimmers dy't oan de Sintrale As wurkje, krije te min betelle fan de útstjoerburo's dy't har ynhiere. Dat stelt de FNV. De útstjoerburo's lûke har neat oan fan de CAO. It fakbûn hat in brânbrief stjoerd oan de Provinsje.
De FNV hat fierder út namme fan in tal wurknimmers in leanfoardering dien by útstjoerburo Technicum. Omdat de Provinsje de haadopdrachtjouwer is, ropt it fakbûn har op ta maatregels. Neist ûnderbetelling sinjalearret de FNV in soad skynkonstruksjes mei lytse selsstannigen by de oanlis fan de Sintrale As.
Minsken wurkje as zzp'er op it bouplak, mar hawwe gjin inkelde frijheid yn it oannimmen fan wurk of it bepalen fan harren taryf. Neffens de FNV stiet ek de feiligens en sûnens fan wurknimmers swier ûnder druk. Sa soene se dagen fan 13 of 14 oeren meitsje.