Fertochte fan brânstichting yn hal Drachtster flat oppakt

De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle © Srfotografie
De plysje hat tiisdei in 32-jierrige Drachtster oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan brânstichting yn in flat oan De Warande yn Drachten. Dêr ûntstie yn de nacht fan moandei op tiisdei brân yn de sintrale hal. Troch yngripen fan in bewenner bleau der skea binnen de perken.
De plysje hie al gau it fermoeden dat der sprake wie fan brânstichting. Nei ûndersyk is de Drachtster oanhâlden. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.