Cambuur hat nije ferdigener: Chiro N'Toko

SC Cambuur hat ferdigener Chiro N'Toko foar twa seizoenen fêstlein. De fysyk sterke N'Toko spile hjirfoar by FC Eindhoven. Hy kaam earder ûnder oare út foar ADO Den Haag en it Ingelske Barnet FC. Neist Cambuur hiene ek NAC Breda en De Graafschap belangstelling foar de spiler.
Moandei waard bekend dat Gino Bosz foar twa seizoenen by de Ljouwerters tekene hat. Dêrmei soe it sintrale ferdigenersduo folslein wêze.