Kollum: "Boargerpanel"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget er kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"It is sneon 5 novimber, moarns healwei tsienen. Tûzen ynwenners fan Fryslân sitte yn de Betheltsjerke yn Drachten. Of yn it hynstesintrum, dat is noch net wis. Dy tûzen minsken wurde tasprutsen troch Annemarie Jorritsma. Sy is op 1 septimber waarnimmend kommissaris yn Fryslân wurden. Sy wol no ienris fan alle dingen yn it libben genietsje, en se hat noch nea kommissaris west. En de buordsjes Jorritsma hoege ek net feroare te wurden. Se bliuwt foar it oare wol in jier of twa, trije waarnimster. Want dy steateleden, dy’t wy dêrfoar keazen hawwe, binne sokke eangsthazzen, dy doare sels net in kommissaris te beneamen. Dy freegje ús om harren te stypjen. En soks kinne wy net. De gemeente Súdwest-Fryslân nûge koartlyn de boargers út om harren te helpen te besunigjen. Wit jimme wat derút kaam fan de boargers? De ûnreplikgoedbelesting omheech. No ja, dêr rinne de steateleden aanst ek tsjin oan. Fyn mar ris twa boargers dy’t deselde namme neame as kommissaris. Dat duorret tiden.
Annemarie Jorritsma fertelt de tûzen oanwêzigen dat se útlotte binne. Dat wisten se al. Se wiene earst noch mei syn tsientûzenen, en dêr waarden de tûzen útlotte. Annemarie dielt de minsken dan yn. Hûndert groepkes fan tsien lju. Dy haffelje dan in hiele dei oer it plattelân fan Fryslân. Hawwe jimme der in foarstelling fan? Ja fansels, alles wurdt goed regele, dat kinne se wol by de provinsje. Middeis in goed miel, tsjin de jûn twa buorrels en hapkes. Tuskentroch einleaze kannen kofje en tee. Plus amersfol wetter. Want se prate allegearre trochinoar hinne. Oan de ein fan dei besiket ien in totale konklúzje te lûken. Dan sil bliken dwaan dat elkenien it deroer iens is dat it plattelân yn Fryslân bestean bliuwe moat.
Ik âldehoer. Ik bin in jonkje dat opgroeide yn de jierren '60. Dan binne jo der automatysk foar dat elkenien meiprate kin oer de meast ferskillende saken. Ik bedoel, jo moat roppe kinne: soademiterje op mei de fleanbasis, wynmûnen, REC, ensafuorthinne.
Prate oer it plattelân, dêr moatte jo wol sin oan ha. Oars is it rinnen fan De Lemmer nei Dokkum en dat is in hiel ein. It betsjut dat de lju dy’t neat mei it plattelân hawwe net iens meilotte hawwe. Sokken prate net iens mei. Bewenners fan Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean ek net. Krekt as komme dy noait oer de eigen rûnwei hinne. As hiene se gjin miening oer it plattelân. Boppedat, der bin tûzen lju, mar hûndert dêrfan binne ûndernimmer. Net seure, wy sitte no ienris yn in VVD-mienskip, dy lju hawwe alles oer ús te sizzen. Der binne fan de tûzen ek hûndert amtners. Trije, fjouwer fan elke gemeente. Dy sizze fansels yn sa’n diskusje neat oars as: Dat kin net, wy hawwe oare regels. Mar it betsjut wol dat der dan noch mar achthûndert gewoane lju oer binne. As safolle meidwaan wolle.
Se wurde lotte fanút de Burgerregistraasje fan de gemeenten. Ik wit net oft alle asylsikers wol yn de Burgerregistraasje sitte. As dat net sa is, lotsje sy dus net mei. En krekt asylsikers wurde safier mooglik it plattelân op húsfeste en soene der dus bêst oer meiprate kinne. En sitte de platttelânsarsjitekten, de boeren, by de ûndernimmers of binne dy ek wol apart. Och, ik nim oan dat jo it allegearre dwaan kinne mei de kompjûter, sadat it miskien sa earlik mooglik is. Jo moatte der it bêste mar fan hoopje en posityf wêze oer sa’n inisjatyf.
Wat sa’n dei hiel wichtich is, en Annemarie is nei in healoerke ek wer fuort, is dat je politisy útslute. Dy prate alles yn en nei de dize. Mar dat jo ek de hiele dei wach wêze moatte dat der gjin minsken binne dy’t yn sa’n groepke of it gehiel stikem de lieding nimme. De hiele dei krekt efkes earder as wa dan ek de grutte bek deryn blaffe. Dêr’t oaren nei twa kear net mear tsjinyn gean. Of dêr't oaren folchsum fan sizze: ik hâld my stil. Jo hawwe fan dy minsken dy’t hiel handich sa’n diskusje stjoere kinne. En ek it einoardiel bepale. Eeeh, ik krij der suver sin oan. Hee provinsje: ik wol ek graach ynlotte wurde."