Fjouwer nominaasjes foar Obe Postmapriis

De advyskommisje fan de Obe Postmapriis hat fjouwer titels nominearre. It giet om 'De ferjilder' fan Marten Toonder, yn oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra, 'Erik of it lyts ynsekteboek' fan Godfried Bomans yn oersetting fan Geart Tigchelaar, 'In see fan stilte' fan Vercors yn oersetting fan Piter van der Veen en 'Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers' fan Tsead Bruinja yn eigen oersetting.
De Obe Postmapriis is de priis foar oersettingen yn en út it Frysk, yn alle sjenres. De priis wurdt om de fjouwer jier útrikt.
Op 9 septimber start de kulturele manifestaasje ‘Swalk – Frysk op toernee’ mei it jierlikse Frysk Boekefeest. By dy gelegenheid wurdt de winner fan de priis bekendmakke. Op freed 4 novimber rikt deputearre Sietske Poepjes de priis út yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert.