Ljouwerter keunstner Antonia Talamini is ferstoarn

De Ljouwerter keunstner Antonia Talamini is ôfrûne tongersdei yn har wenplak ferstoarn. Antonia wie de dochter fan de ferneamde iismakker Antonio Talamini, grûnlizzer fan de ferneamde iissalon LaVenezia yn de Fryske haadstêd, mar keas op 28-jierige leeftyd definityf foar de keunst.
Nei in oplieding oan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert krige se sawol sukses yn binnen- as bûtenlân. Sa kocht ûnder oare it Stedelijk Mueseum yn Amsterdam grafyske wurken oan fan har.
Neffens keunstkenner Huub Mous makke Talamini yn de tachtiger jierren lanlik namme mei grutte wurken mei mingde technyk, dy't troch kritisy as rau en shockearjend beoardield waarden. Yn Ljouwert wie Talamini ûnder oaren bekend fan har neon-gevelfersiering op de flats yn de Ljouwerter Vrijheidswyk. Antonia Talamini is 70 jier wurden.