SC Cambuur leit Gino Bosz foar twa seizoenen fêst

© Dijks fotografie
Sintrale ferdigener Gino Bosz (23) spilet de kommende twa seizoenen by SC Cambuur. Ek hat de Ljouwerter fuotbalklup noch in opsje foar in tredde seizoen. Bosz komt transferfrij oer fan Heracles Almelo. Dêr kaam er it ôfrûne seizoen fiif kear yn aksje en skoarde er ien kear. Dêrfoar spile Bosz by Vitesse. Hy is de soan fan Peter Bosz, de nije trainer fan Ajax.