Auto mei oanhingwein bedarret tsjin fangrail A7

Ien rydstripe fan de A7 waard in skoft ôfset foar it ferkear © De Vries Media
By de nije fytsbrêge oer de A7 by Drachten is sneon oan de ein fan de middei in auto mei in oanhingwein tsjin de fangrail bedarre. De bestjoerder fernaam dat de kombinaasje begong te slingerjen en soe dêrom nei de flechstrook stjoere. Dêrby rekke hy lykwols de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin de fangrail. De auto is flink skansearre rekke.
Nei alle gedachten begong de oanhingwein te slingerjen, omdat de rjochter achterbân lek rekke wie. Der rekke nimmen ferwûne.