Grinzer rydt twa kear te hurd lâns Snits: rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
It ferkearsteam fan de plysje hat sneon it rydbewiis ynfoardere fan in begjinnend autobestjoerder (22) út de stêd Grins. De man ried fierstente hurd lâns de stêd Snits. De man ried nammentlik mei 158 kilometer de oere oer in dyk dêr't 80 kilometer de maksimum snelheid is.
Foar de plysje wie dat oanlieding om de man oan te hâlden en fuortendaliks in ein te meitsjen oan de leechfleanderij.