Partoer Steenstra wint keatspartij Moarre-Ljussens

Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening © Henk Bootsma
De haadklasse keatspartij troch inoar lotsjen yn Moarre-Ljussens is sneon in proai wurden foar it partoer fan Tjisse Steenstra, Alle Jan Anema en Hans Wassenaar. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-0 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.
De lytse preemje wie foar Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Patrick Scheepstra, dy't yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 ûnderút giene tsjin Steenstra en-dy.