Húsdokters Jobbegea en Nijhoarne no ek by Dokterswacht

As lêste húsdokters oan de Fryske fêste wâl hawwe no ek dy fan Jobbegea en Nijhoarne har oansletten by de Dokterswacht. De húsdokters op de Waadeilannen bliuwe as iennichsten op harsels. Foar de dokters fan Jobbegea en Nijhoarne waard it te swier om alle tsjinsten sels te draaien.
De mei elkoar fiif húsdokters hawwe allegearre skoalgeande bern en it waard hieltyd dreger om altyd ien beskikber te hawwen. De Dokterswacht is bliid mei de nije húsdokters. Neffens in wurdfierder betsjut dat foar alle partijen mear dúdlikheid.