Achtkarspelen nei de simmer fierder mei azc foar 350 minsken

(argyffoto) © ANP
De gemeente Achtkarspelen rjochtet him net langer op needopfang fan asylsikers, mar op de reguliere opfang yn in asylsikerssintrum. Dêr soene op syn heechst 350 flechtlingen yn komme kinne. Ut petearen mei opfangorganisaasje COA hat bliken dien dat needopfang net langer nedich is.
De gemeente sil nei de fakânsje de ynwenners ynformearje oer fierdere stappen. Dat soe earst foar de simmerfakânsje, mar de tarieding freget mear tiid. It kolleezje fan b. en w. hat ferskate plakken op it each foar in azc. It COA sil dy fierder ûndersykje.